6 septimber 1614
6 septimber 1614 is de troudei fan myn direkte foarâlders fan heiteskant Hidde Sjoerds en Swob Jacobs.
Hidde en Swob sille letter in jonkje krije dat de namme Tjerk krijt. En Tjerk wurdt letter bekend as Tjerk Hiddes de Vries. Tjerk Hiddes is net in direkte foarâlder fan my, mar syn âldere sus Trijntje (it 1e bern fan Hidde en Swob) wol.
Neist Trijntje (1615) en Tjerk (1622) hawwe Hidde en Swob noch 10 bern krigen. It lêste bern, Antje, wurdt berne yn 1643. Swob hat dus sawat 30 jier 'swanger west'.
Hidde en Swob wennen yn Seisbierrum dêr't se fanôf 1624 nôtmûnders wiene. Hidde wie dêrfoar nei alle gedachten skipper. Se hierden de mûne fan Jarig van Liauckema fanôf 19-7-1624 foar 92 Karolusgûnen it jier.
Jarich van Liauckema (1558-1642)
It plak fan de mûne (de mûne stiet der no net mear).
Nei de dea fan Hidde yn 1645 sil Swob fierder gien wêze as mûnder mei harren soan Sjoerd, it 2e bern fan Hidde en Swob.
Soan Tjerk giet op syn 12e nei see en groeit út ta de ferneamde seeheld Tjerk Hiddes de Vries.
Swob krijt nei it ferstjerren fan soan Tjerk en syn frou Nanneke yn 1666 mei-fâdij oer de 3 lytse bern fan Tjerk Hiddes. Swob ferstjert yn 1667, se is dan ca. 70 jier.
Boarnen:
www.allefriezen.nl www.simonwierstra.nl/VRIES.htm https://oudbarradeel.nl/?p=763 http://molenaarworden.nl/wp-content/uploads/De-Utskoat-134-juni-2009.pdf wikipedia







