Spylje my
spylje myn oargel
stryk myn fioele
slaan op 'e tromme fan myn hert
mar brek it net
~
myn toetsen stean ree
myn snaren binne spand
stiif stiet it flues fan myn hert
o brek it net
Gedicht fan Ella Wassenear, út: P. Boorsma e.a., Spiegel van de Friese poëzy (Amsterdam 2008) 169.














