De See - Obe Postma
– Hy brocht ús de dyk út en yn ’e bocht Naam er op ’e peallen syn stee; En seagen wy, skoft nei skoft, wer om, Hy digere oer ’e see. Wat goudene skippen seach er gean? O hoe’t him it wide lûkt! Hoe’t ljocht de libbene spegel blinkt, Hoe’t wier en wetter rûkt! – Op ’e kisten stiet Jintsje en mikert mar, En sjocht nei in seehûn út. Hoe ’t in mylde laits oer har wezen giet Ta de gledde robbesnút! Hja hat mei har freonen in nochlik petear, In wûndere, rouwe tean. It sâlte skom sit har yn ’t hier, De wyn ritst troch har klean. – Oan ’e dyk mei it jutte en jagerswiif Belústere ik syn lûd; O it liet fan dy’t as bern ús koe, Dat grypt ús wol yn ’t moed. Hja spriek syn rom. O dat greidefjild Dat fan hichten noch lichten wit! Hjir docht him iepen in djippe drang Dy’t yn elts wêzen sit. Hjir giet oan ús fuotten, yn weagen en tij, Fan libben de foarse stream, En oan ’e kimen de siele wint Syn ljochte ûneindichheidsdream.
Bron: http://bit.ly/1arkdBT (Obe Postma Selskip)











