13 oktober 1790, de begraffenis fan foarâlder Lourens Ritskes
Lourens Ritskes (9 generaasjes) is in foarâlder fan memmeskant fia Geertje Minks Sijtsema, dy't yn myn foarige bloch foarkomt.
Lourens is de soan fan arbeider Ritske Gerrits en Aeltje Martens en hy is berne yn Beetstersweach. Hy waard op 26 novimber 1718 doopt yn de Herfoarme Tsjerke dêr. Dy tsjerke stiet der net mear. Op dat plak stiet no in oare tsjerke dy't yn 1804 boud is.
Tekening fan J. Stellingwerf fan de âlde tsjerke.
Foar safier't ik neigean kin wie Lourens it jongste bern en hie er 4 broers en susters: Wijts, Gerrit, (Albertie), Marten, en Albertien (it oare earder berne suske mei deselde namme, sil nei alle gedachten ferstoarn wêze).
Lourens trout mei Janke Douwes, wannear is net krekt bekend. Mei it each op de berte fan de bern sil dat earne yn 1739 west hawwe.
Lourens en Janke krije 9 bern tusken 1740 en 1759, 5 jonges en 4 famkes. Dochter Aaltje doopt op 26 aug 1742 is ús direkte foarâlder. Sy wie it 2e bern.
Lourens is arbeider en timmerman en is neffens de folkstelling fan 1744 'insolvent', ûnfermogend.
Folkstelling 1744, Lourens stiet rjochts 2e fan ûnderen.
Beetstersweach stiet bekend as in ryk doarp mei in soad aadlike famyljehuzen,: ‘Beetsterzwaag, een aangenaam en vermaaklyk Dorp, is van rondom met allerlei geboomte beplant, en heeft een zeer schoone en bestraate buurt, waar in verscheiden treflyke huizen gevonden worden.
Men heeft hier omstreeks zeer vermaaklyke wandelwegen, onder den lommer van ’t bladryk geboomte, alwaar men, op zynen tyd, door ’t aangenaam geluid van allerlei gevogelte, en vooral door den helklinkenden Nachtegaal vervrolykt wordt.’
Der wennen lykwols ek in soad arbeiders en der wie yn dy streken ek in soad earmoede. Lourens en Janke sille net in maklik libben hân hawwe. Sy sille grif yn in lyts húske wenne hawwe en Lourens sil al it wurk oannommen ha, dat er krije koe. Syn âldste broer Gerrit stuts oars yninoar (al soe dat mei Lourens fansels ek it gefal west hawwe kinne).
Yn it diakonyboek wurdt Gerrit beskuldige fan 'luiheid, lediggang, verzuim van godsdienstbeoefening, boosaardige bejegening van vrouw en kinderen.'Dat soks optekene is hâldt nei alle gedachten yn dat Gerrit ôfhinklik wie fan de diakony en de earmesoarch. Fan Lourens ha ik gelokkich sokke karakter-oantekens net fûn.
Op 13 oktober 1790 wurdt Lourens begroeven yn Beetstersweach. Hy is ca. 70 jier wurden. Yn it rekkenboek fan de Diakony komme in tal saken oer syn begraffenis tsjin. By it begraven is £1:6:,- ophelle tidens de kollekte. "Op de Swaag bij het bekken ontvangen bij het begraven van Louwerens Ritsches."
De diakony wie bot ôfhinklik fan frijwillige jeften en dêrom besocht de diakony by alle mooglike gelegenheden jild yn te sammeljen. Kollektes yn 'e gewoane tsjinsten, mar ek by dopen, trouwen en begraffenissen. Soms waard ynstee fan in kollekte in skaal, it bekken, pleatst om jild te stoarten. Yn in soad plakken waard by de begraffenis ek in bekken op it tsjerkhôf pleatst. Faak is de registraasje fan de kollektes algemien, mar yn in tal gemeenten de ferstoarne neamd, lykas by Lourens Ritskes.
Oan begraffeniskosten is £ 8:- betelle foar in 'deadsfet' oan Anne Hedmans en £ 1:15 foar in 'fandel' bier oan Hans Markes, brouwer yn Drachten, 'gebruikt op de leed van Louwerens Ritsches'. Dat bier waard ek wol leedbier neamd. In begraffenis sûnder bier of drank en iten wie yn dy tiid ûntinkber, dat sels by de begraffenis fan de earmsten earde dat oanwêzich te wêzen. Sjoch hjir foar wat mear ynfo.
Dat de diakony betelle foar de begraffenis jout ek oan dat Lourens earm wie. It wie in ûnderdiel fan de earmesoarch dy't troch de diakony útfierd waard.
Hjir in ôfbylding fan lettere tiid fan in earmebegraffenis (út de Camera Obscura fan Nicolaas Beets):
Sjoch foar mear ynfo oer de funksje fan de diakony dit artikel oer de diakony fan Bûtenpost yn de 18e ieu.
Boarnen:
- AlleFriezen.nl - FrieslandWonderland.nl (Beetsterzwaag, Tegenwoordige Staat van Friesland)














