Sjoen by Eagmaryp!
seen from China
seen from Venezuela
seen from Malaysia
seen from Malaysia
seen from Malaysia
seen from Singapore
seen from China
seen from Malaysia
seen from Saudi Arabia
seen from United Kingdom

seen from Germany
seen from United States

seen from India

seen from United States
seen from Saudi Arabia
seen from United States

seen from Malaysia

seen from Malaysia
seen from Türkiye

seen from Singapore
Sjoen by Eagmaryp!
Hoe't ús mem Dieuwke oan har namme kaam is (diel 1)
Dieuke Teijes (ca. 1640)
De alderearste Dieuwke dy't ik efterhelje koe is Dieuke Teijes. Wat wy fan har witte, witte wy foar it grutste part út it trouregister. Se komt fan Reduzum en op 1 jannewaris 1663 is har houlik befêstige mei Mirck Douwes.
Reduzum, 18e ieu (in stik letter as 1663)
Mirck komt út Sniksweach. It houlik is befêstige yn de Herfoarme Gemeente fan De Jouwer, Westermar en Sniksweach.
De âlders fan Dieuke hjitte nei alle gedachten Teije Tyalles en Tiescke Taekes, mar dat is net wis. Om't se yn 1663 troud is, is se sa om 1640 berne tink ik.
Mirck en Dieuke krije foar safier bekend 3 soannen: Tiebbe, Gerben en Douwe. De earste jonge, Tiebbe, wurdt doopt op 22 febrewaris 1663. Krapoan twa moanne nei de befêstiging fan it houlik fan Mirck en Dieuke. As opmerking stiet dêrby: "De ouders wonen in De Broek". Wa't de twadde of tredde soan is, is net hielendal dúdlik, om't der by de doop fan Gerben Mircks, op 20 maart gjin jiertal neamd wurdt. Mar om't soan Douwe pas op 6 novimber 1670 doopt wurdt, gean ik der fanút dat hy it tredde jonkje is en Gerben it twadde.
Ansichtkaart De Broek
Mear ynformaasje oer de skiednis fan Broek is te finen yn dit boek en op dizze website:
Op 12 november 1676 binne se ynskreaun yn de Herfoarme Tsjerke fan Eagmaryp-Terkaple. Se binne ynkommen fan De Broek. Hjirûnder de ynskriuwing fan Dieuke en Mirck. "Met attestatie van de Broeck" stiet derneist.
Miskien hat Dieuke Teijes dizze grêfstien wol sjoen yn de Herfoarme Tsjerke fan Terkaple en is se der wol oerhinne rûn. Hy is fan Douwe Roorda (±1601) en syn frou Elisabeth van Borghreeff (±1615).
Om it lyntsje fan ús Dieuwkes fierder folgje te kinnen, moatte wy fierder mei de jongste soan fan Mirck en Dieuke: Douwe. (wurdt ferfolge yn diel 2)